Kuierders helje al 50.000 euro op foar striid tsjin kanker

27 jun 2015 - 11:13

De kuierders fan de SamenLoop voor Hoop yn Frjentsjer hawwe oant no ta 50.000 euro ophelle foar de striid tsjin kanker. Oan de kuierestafette dogge 43 teams mei goed 900 minsken mei. Sy rinne sûnt freedtemiddei fjouwer oere yn estafettefoarm 24 oeren om safolle mooglik jild op te heljen. It is in inisjatyf fan KWF Kankerbestrijding.

De kuierders rinne rûntsjes fan 450 meter. Der is ek in tal hurdrinners, dy folgje in oar parkoers. Op it terrein fan fuotbalklup SC Frjentsjer binne sneon ek ferskate optredens en kreamkes.

Oan de ein fan sneontemiddei wurdt it einbedrach bekend makke dat ophelle is.

Trefwurden: 
Frjentsjer kuierje kanker
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)