In flaterke fan de natuer ûntdutsen op Skylge

26 jun 2015 - 21:11

Yn in Skylger dúnfallei is in bysûnder flaterke fan de natoer fûn; in albino orchidee. It giet om in saneamde Duvelsklau dy't pears heart te wêzen mei flekken. Yn it Hollânsk neame sy it dan ek de 'gevlekte orchidee'. Mar omdat it in albino blom is, is er hielenal wyt. Yn de bistewrâld en ek by minsken komt it foar dat der albino's tusken sitte, mar soks is behoarlik seldsum.

Neffens behearder Steatsboskbehear giet it hjir om in flaterke fan de natoer. It komt wolris faker foar, mar bysûnder is it wol.

Trefwurden: 
Skylge albino orchidee
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)