Fallen militêren yn Yndonezië en Koreä op De Jouwer betocht

26 jun 2015 - 20:21

Op De Jouwer is freedtemiddei foar de tsiende kear in betinking hâlden foar de militêren dy't omkaam binne yn Yndonezië en Koreä. De feteranedei yn it doarp waard in dei earder hâlden as de offisjele betinking yn Den Haach, sadat minsken by beide betinkings oanwêzich wêze kinne.

Dit jier kamen sa'n 50 minsken nei de Jouster Toer, dêr't in betinkstien leit foar de slachtoffers. Neffens feteraan Meine Bergsma is it wichtich dat dit bart, om't de jongerein beseffe moat dat frijheid net fanselssprekkend is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)