Mear swimdiploma's A yn Ljouwert, tsjin lanlike trend yn

26 jun 2015 - 18:33

Lanlik helje hieltyd minder bern it swimdiploma A. It persintaazje bern fan fiif jier dat it diploma hellet, is yn trije jier mei 6% sakke. Dat blykt út sifers fan it Nationaal Platform Zwembaden, dat de swimdiploma's útjout.

Aktuele Fryske sifers binne op it stuit net bekend, mar by Sport Fryslân herkenne se it byld wol, benammen fanwege it ôfskaffen fan it skoalswimmen yn in soad gemeenten. Nije inisjativen lykas 'swimnastyk' lykje wol oan te slaan, mar ek dêr is noch gjin struktureel jild foar.

Opmerklik is dat yn Ljouwert it tal ôfswimmers foar diploma A tanaam is. Dat soe komme kinne om't de Ljouwerter baden in oansûgjende wurking hawwe en dat bern dy't earne oars partikulier it swimmen leare, yn Ljouwert ôfswimme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)