Restauraasje fan stasjonsbrêge Frjentsjer foarearst útsteld

26 jun 2015 - 17:13

It kin noch wol moannen duorje foar't de fertuteaze stasjonsbrêge yn Frjentsjer opknapt wurdt. Dat komt om't de oannimmer en de provinsje it net iens wurde kinne oer de opdracht. De provinsje is de opdrachtjouwer fan it wurk.

Oarspronklik soe de sloop begjin dizze moanne úteinsette, mar krekt foar de tiid waard dúdlik dat de oannimmer der doe noch net klear foar wie. Beide partijen ha in ûnôfhinklik advysburo ynskeakele om advys te jaan, mar dat is net earder klear as fan it hjerst.

Dêrnei sille provinsje en oannimmer wer meielkoar om de tafel. Mar wannear't de sloop dan begjint, is noch ûndúdlik.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)