Noch hieltyd gjin diploma foar twa havo-learlingen Bogerman

26 jun 2015 - 17:01

De twa havo-learlingen fan it Bogerman yn Snits dy't tochten dat se slagge wienen foar de eineksamens -mar dochs sakke- hawwe noch hieltyd net rjocht op in diploma. Ien fan de learlingen hat wereksamen dien, mar is wer sakke. De oare learling hat noch net wer op 'e nij eksamen dien, dy sil yn augustus it lanlik wereksamen dwaan.

De skoalle hat de ûnderwiisynspeksje no frege oft de learling dy't twa kear sakke is ek meidwaan mei oan it lanlik eksamen. Nije wike is der in petear tusken de ynspeksje en de skoalle.

De twa learlingen krigen by de útslach fan de earste eksamens it nijs dat se slagge wienen. De skoalle moast dêr op werom komme. By de normearring fan it skiekunde eksamen wie ferkeard rekkene en dêrtroch moasten 59 eksamens opnij beoardiele wurde. Dêrtroch kamen 23 learlingen op in leger einsifer út.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)