Marrit Steenbergen sleept twa sulveren medaljes yn de wacht

26 jun 2015 - 16:51

Marrit Steenbergen fan Easterwâlde hat tongersdei by it Europeesk juniorekampioenskip yn Bakoe yn Azerbeidzjan twa sulveren medaljes helle. Se wûn sulver op de 200 meter frij en sulver op de 50 meter frij.

Tiisdei wûn se al in sulveren medalje op de 4 kear 100 meter frije slach. Woansdei wûn se goud op de 100 meter frije slach yndividueel en tongersdei wûn it 15-jierrige toptalint sulver op de 4 kear 100 meter wikselslach mei de ploech. Sneon stiet foar Marrit Steenbergen noch de 4 kear 200 meter frije slach op it programma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)