"Noardlike Alvestêdefarrûte lûkt te min boaten"

26 jun 2015 - 15:45

Te min boaten meitsje gebrûk fan de noardlike alvestêderûte. Boppedat profitearje ûndernimmers mar in bytsje fan de toeristen dy't de nije rûte wol fûn ha. De doelstelling fan 4000 boaten wurdt yn Ferwerderadiel net helle, en ek yn Dokkum is it tal boatsjetoeristen gelyk bleaun.

Yn 2013 is de alvestêderûte ferbettere en better tagonklik makke. Dat soe 4000 farbewegingen mear opsmite. Yn Ljouwerteradiel waard dat yn 2014 wol helle, mar yn de oare gemeenten net.

Boargemaster Wil van den Berg fan Ferwerderadiel fynt dat der mear ynternasjonale promoasje komme moat foar 'De hel fan it noarden op it wetter'. De nije marketingorganisaasje Merk Fryslân soe dêr hurder oan lûke moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)