Kompjûterspultsje mei Grutte Pier is klear

26 jun 2015 - 10:38

De kompjûtergame Cross of the Dutchman fan it Ljouwerter bedriuw Triangle Studios is klear. Yn de game spilet Grutte Pier de haadrol. Yn de game stiet de striid fan Pier Gerlofs Donia tsjin de Saksen sintraal. Fan freed ôf kin eltsenien in stim op de game útbringe op de site Steam Greenlight. Op dit platfoarm wurde kompjûtergames beoardiele. Triangle Studios hat seis jier lang oan de game wurke.

Yn de earste helte fan dit jier hat it bedriuw yn gearwurking mei de Afûk sa'n 2000 spilers yn de kunde komme litten mei it spultsje.

Steam greenlight

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)