"Opsinten op motorreaubelesting 30 persint omleech"

26 jun 2015 - 10:24

Deputearre Steaten is fan doel om de opsinten op de motorreaubelesting mei 30% te ferleegjen. Nije wike tiisdei praat it kolleezje oer it útstel. De maatregel kostet 20 miljoen euro yn it jier en wurdt betelle út de saneamde Nuon-jilden. Deputearre Sander de Rouwe wol sa de Fryske ekonomy wer in ympuls jaan.

Njonken húshâldings sille ek bedriuwen sa in soad jild besparje, seit De Rouwe. Foar grutte swiere disels kin it foardiel oprinne oant sa'n 150 euro yn it jier. De maatregel wie earder al oankundige yn it koälysje-akkoart.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)