Gemeentehûs de Friese Meren dagenlang ticht om nije namme

26 jun 2015 - 09:50

It gemeentehûs en de servicepunten fan De Friese Meren binne fan freedtemiddei ôf oant woansdeitemiddei sletten. Fan 1 july ôf hjit de gemeente De Fryske Marren. Om alles ree te meitsjen foar de feroarings, moat de gemeente in pear dagen ticht. Mear as in jier lyn hat de gemeenteried besletten dat de namme feroaret yn de Fryske fariant.

Benammen foar de ict-ôfdieling is it in grutte operaasje. Der moatte in soad programma's oanpast wurde en dêr giet in protte wurk yn sitten. De hal yn it gemeentehûs wurdt tagelyk ek oanpakt.

Der komt in nije flier en der wurdt skildere. Fan woansdei 13.00 oere ôf is de gemeente wer iepen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)