Bouboerd by ruïne Clemenstsjerke Amelân ûntbleate

26 jun 2015 - 08:35

Boubedriuw Friso Restauraasje yn Ljouwert sil de Sint-Clemenstsjerke yn Nes op It Amelân wer opbouwe. De tsjerke baarnde op 5 febrewaris 2013 hielendal ôf. Der is jierren oer dien om it jild byinoar te krijen en plannen te meitsjen, mar tongersdei is lang om let it bouboerd ûntbleate troch pastoar Paul Verheijen en pastoaraal wurker Neeltsje Bouma.

Nei de ûntbleating binne de leden fan de parochy bypraat en krigen se tekeningen fan it nije interieur te sjen. Meikoarten wurdt mei de bou begûn en dan is der ek in earste stienlizzing.

De stienlizzing jildt as de offisjele start fan it projekt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)