Zienn-direkteur Kees van Anken krijt Penning fan Fertsjinste

25 jun 2015 - 17:27

Direkteur Kees van Anken fan opfangorganisaasje Zienn hat tongersdeimiddei by syn ôfskie de 'Penning van Verdienste' krigen fan de gemeente Ljouwert. Van Anken stie 23 jier lang oan it roer fan Zienn.

Wa it yn Ljouwert oer dak- en thúsleazen hie koe eins net om Kees van Anken hinne. Under syn lieding waarden ûnder oaren de nije lokaasje oan de Nieuweweg realisearre, mar ek it pensjon tsjinoer de Bonifatiustsjerke en de nije nachtopfang.

It tal wurknimmers fan Zienn is yn de perioade fan Van Anken groeid fan 40 nei 140 en it tal kliïnten giefan 140 nei 2400.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)