Roomske Parochy praat oer takomstplannen Sint-Clemenstsjerke

25 jun 2015 - 16:17

De Roomske parochy fan It Amelân is tongersdeitejûn byinoar om in beslút te nimmen oer de nijbou fan de Clemenstsjerke. De parochy moat it iens wurde oer de ynhâld fan de plannen, bygelyks ek oer de ynrjochting.

It wurdt in multifunksjoneel tsjerkegebou mei in moderne útstrieling, mei in glêzen entree. Der komme ek gjin tsjerkebanken mear yn, om de romte sa goed mooglik brûke te kinnen. As de parochy ienriedich is oer de nijbou, sil it beslút foarlein wurde oan it bestjoer fan it bisdom Grins-Ljouwert.

Der sil sa gau mooglik begûn wurde mei de nijbou.

Op 5 febrewaris 2013 baarnde de Roomske tsjerke op It Amelân ôf. It gebou út 1878 wie in ûntwerp fan de arsjitekt Pierre Cuypers.

Nei de brân hat de parochy aktyf west mei plannen foar it werstel en de ferbouwing fan de tsjerke, en hoe't dy finansiere wurde kin. It jild komt net allegear út de fersekering, der hawwe ek ynsammelingsaksjes west.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)