Keunstner Frans Ram giet oan de slach mei De Slykwurker

25 jun 2015 - 14:56

Keunstner Frans Ram sil it stikkene byld De Slykwurker sels sa gau mooglik meitsje. It ferneamde byld op de seedyk by Swarte Haan waard moandei troch in freesmasine fan de sokkel riden.

It byld sels mankearret net it measte oan, mar it moat wol wer op in goede manier op de plaat en op de sokkel komme. Dêr komt aardich wat laswurk oan te pas.

It byld moat ek op 'e nij patinearre wurde, wêrtroch it oeral wer like moai glânzet. Ram tinkt dat er der in wike wurk fan hawwe sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)