"Ynformaasje ferkearsslachtoffers brûke foar mear feiligens"

25 jun 2015 - 14:24

VeiligheidNL, it Regionaal Orgaan Ferkearsfeiligens Fryslân en it Ljouwerter sikehûs MCL wurkje sûnt tongersdei gear om de ferkearsfeiligens te ferbetterjen. It sikehûs hâldt sûnt 1 april by hoe't ûngelokken bard binne fan slachtoffers dy't nei de earste help brocht binne.

It sikehûs sil dizze gegevens tenei anonym trochjaan oan it orgaan ferkearsfeiligens. Dy krijt mei dizze ynformaasje in goed byld fan gefaarlike plakken yn it ferkear en kin dy dan ferbetterje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)