Chill outplakken yn Drachtster parken meie bliuwe

25 jun 2015 - 10:52

De proef mei de saneamde chill outplakken yn Drachten wurdt ferlingd oant desimber dit jier. Op chill out plakken kin de jongerein omhingje sûnder dat se fuortendaliks fuortstjoerd wurde. Drachten hat no twa fan dizze plakken yn it Slingepark en yn it Thalenpark.

De gemeente Smellingerlân sil by it hingplak yn it Slingepark twa bankjes ekstra pleatse en ek it wifi-sinjaal ferbetterje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)