Marten Kooistra wint yn Emmen syn twadde Nederlânske titel

24 jun 2015 - 19:13

De 17-jierrige Marten Kooistra fan Jonkerslân is woansdei kampioen wurden op it Nederlânsk kampioenskip tiidriden foar junioaren yn Emmen. Op it trajekt fan 27 kilometer sette Kooistra mei 33.54 minuten de bêste tiid del. Kooistra is bot ferrast mei syn oerwinning. Sels hie er hope op in fyfde plak. It wie de twadde Nederlânske titel foar Kooistra. Sneon waard er ek al kampioen op 'e dyk. Krekt as sneon waard Pascal Eenkhoorn fan Genemuiden twadde.

Hy hie tsien sekonden langer wurk mei de tiidrit. Daan Zebel fan Dordrecht waard tredde.

Aafke Soet fan It Hearrenfean koe har Nederlânske tiidrittitel net prolongearje. By de juniorfroulju waard se twadde. Yara Kastelijn út Neerkant wie 7 sekonden rapper. Nederlânsk kampioene op 'e dyk Nicole Steigenga fan Eksmoarre waard fiifde op 39 sekonden fan Kastelijn.

Alyde Norbruis fan Oerterp waard opnij kampioene tiidriden by it oanpaste hurdfytsen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)