Noed oer budzjet foar ûnderhâld lisplakken Marrekrite

24 jun 2015 - 18:08

Nei it budzjet foar it ûnderhâld fan de Marrekritelisplakken wurdt nochris goed sjoen. Provinsjale steaten meitsje har dêr soargen oer. Deputearre en Marrekritefoarsitter Klaas Kielstra dielt dy soarch oer de 42 kilometer oan steigers.

Ut it ferline is in soad oanlein om it de wettersporter safolle mooglik nei't sin te meitsjen, mar it ûnderhâldsbudzjet wurdt no wol hiel krap. Der driget no in pyk yn dat ûnderhâld op in momint dat dêr eins gjin jild foar is. In oplossing is om steigers dy't kwealik brûkt wurde te skrassen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)