Undersyk nei fertrekregeling baas fan Hefpunt

24 jun 2015 - 16:52

Minister Plasterk fan Binnenlânske saken lit ûndersykje oft de baas fan Hefpunt terjochte in fertrekregeling fan goed njoggen ton krigen hat. De direkteur fan Hefpunt, dy't belestings fan ûnder oaren it Wetterskip Fryslân ophellet, wie yn 2014 op non-aktyf steld.

Yn de wet stiet dat der in maksimale ûntslachfergoeding fan 75.000 euro jildt. As de regeling mei de baas fan Hefpunt net doocht, sil Plasterk it jild weromfoarderje.

Trefwurden: 
Hefpunt fertrekregeling
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)