Deputearre besjocht mooglike tunnel by rûnwei Hurdegaryp

24 jun 2015 - 16:49

Deputearre Kramer oerleit mei ûnder oare Prorail en Tytsjerksteradiel oer in tunnel ûnder de rûnwei by Hurdegaryp en it iepen hâlden fan de spoarweioergong by de Slachtedyk. Dat hat er tasein nei fragen fan it CDA yn provinsjale steaten. It CDA wol dat de provinsje en de gemeente Tytsjerksteradiel de mooglike ekstra kosten foar har rekken nimme.

Oanlieding foar de fragen wiene de goed 1.100 hantekens fan ynwenners fan Hurdegaryp earder dit jier. Se wolle dat de ferbining - tusken Hurdegaryp en it Bûtefjild by de Slachtedyk - bestean bliuwt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)