Guozzebelied stiet ûnder druk troch skeel oer oanpak

24 jun 2015 - 16:15

It provinsjale guozzebelied stiet ûnder druk. Dat is woansdeitemiddei dúdlik wurden op de steategearkomste. Partijen kinne it lang net altyd iens wurde oer de krekte oanpak fan de guozze-oerlêst yn it fjild. In part fan de boeren en jagers wie der sels hielendal klear mei en woe net mear meiwurkje oan in konvenant dêroer.

Deputearre Kramer hat elkenien ferline wike dochs wer oan tafel krigen. GrienLinks frege him yn de Steaten ôf oft der noch wol genôch draachflak is.

Trefwurden: 
jagers guozzebelied oanpak
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)