Robots yn aksje op Spider-day op de NHL

24 jun 2015 - 14:26

It wie Spider-day op de NHL woansdei. Acht tûke robots namen it yn in wedstriid tsjin elkoar op. Doel fan de wedstriid is om studinten wurkje te litten oan de robottechnyk. Sa wurdt der hieltyd mear gebrûk makke fan robots dy't bygelyks helpe by it húshâlden of by it opromjen fan minen yn oarlochsgebiet.

Twaddejiersstudinten fan de Ljouwerter hegeskoalle ha robots ûntwikkele dy't bygelyks dûnsje kinne, in snelheidsrace dogge of ballonnen kapot prikke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)