Man yn stellen camper ramt plysjewein

24 jun 2015 - 12:29

Yn Giethoorn hat de plysje woansdeitemoarn betiid nei in achterfolging in automobilist (70) út Assen oanhâlden. Hy ried yn in camper dy't oerdeis by in hûs oan de Harkezijl yn Wytmarsum stellen wie. De plysje wie alarmearre nei't de man in kontrôle by Hearrenfean foarby ried. Se setten de achterfolging yn.

Yn Sânhuzen woe de plysje de camper klemride, mar de fertochte besocht de plysjewein foar him yn te heljen. Dêrby waard de plysjewein ramd en hienen de plysjes in seare nekke en rêch. De plysje docht oanjefte fan besykjen ta deaslach.

Trefwurden: 
plysje stellerij Wytmarsum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)