Kitesurfer swier ferwûne fûn op it strân

24 jun 2015 - 10:10

In 34-jierrige kitesurfer út Enschede is tiisdeitejûn let swier ferwûne rekke op it strân fan Skylge. By in sprong kaam de man hurd op it strân telâne. In traumahelikopter hat it slachtoffer nei it sikehûs yn Grins brocht.

De kitesurfer wie om sân oere oan it surfen gien. Neidat de man om middernacht noch net werom wie, hat syn heit alarm slein. De helptsjinsten fûnen de man om healwei ienen op it strân by West oan Zee.

Trefwurden: 
Skylge ferwûne kitesurfer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)