Brân yn Harns noch net út; brânwacht rukt wer út

24 jun 2015 - 07:48

De brânwacht is woansdeitemoarn opnij útrukt nei de loads oan de Sibadawei yn Harns dy't tiisdeitejûn útbaarnde. Yn it dak fan de loads wie opnij brân ûntstien. De korpsen fan Harns en Wytmarsum rukten út mei twa tankauto's en in heechwurker. It dak is der ôfhelle om better by it fjoer te kinnen en de hitte út it gebou te litten.

Om goed kertier foar njoggenen sei de brânwacht dat der gjin fjoer mear te sjen wie. It korps fan Harns bliuwt noch wol standby om wer yn aksje te kommen as de brân wol wer opnij begjint.

Tiisdei oan de ein fan de middei bruts de brân yn de leegsteande loads út. Fanwege de dikke reek wie de N-31 by Harns ferskate oeren ôfsletten foar it ferkear. Ek it treinferkear lei stil. By de brân is asbest frijkaam.

Trefwurden: 
Harns brân loads Sibadawei
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)