Wodka-jus en bier by kursus docht fertuten

24 jun 2015 - 07:19

Jongeren dy't by in kursus ûnderfine hoe't it is om mei drank op achter it stjoer te sitten, sille dat lêste minder gau dwaan. Dat is de útkomst fan in ûndersyk fan Veilig Verkeer Nederland en de Ryksuniversiteit yn Grins. Dy hawwe besjoen wat it resultaat is fan it previnsjeprogramma 'Alkoholfrij de dyk op'.

Dat programma wurdt al hast tweintich jier tapast yn Fryslân en Drinte, dien troch Ferslavingssoarch Noard-Nederlân. Jongeren ride moarns yn in simulator in stikje. Dêrnei krije se útlis oer drank en ferkear en se krije drank.

Nei't se de drank op hawwe moatte se wer in stikje ride. Sa ûnderfine se echt hoe't it is om mei drank op te riden.

Trefwurden: 
ferkear VNN alkonhol
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)