Gemeente: gjin asbest yn reek brân Harns

23 jun 2015 - 23:46

By de brân yn in leechsteande loads yn Harns hat him gjin asbest fia de reek ferspraat. Dy konklúzje lûkt de gemeente Harns nei ûndersyk troch in spesjalisearre bedriuw. Mooglik leit der op it terrein om de loads hinne wol asbest, dat sil woansdei by deiljocht ûndersocht wurde. It terrein bliuwt salang ôfsletten, alle oare ôfsettings binne fuorthelle.

De swarte reek dy't by de brân frijkaam waard neffens de gemeente feroarsake troch dakbedekking. Boargemaster Sluiter hat nei de brân in besite brocht oan de direkte omwenners fan de loads.

Trefwurden: 
Harns brân asbest
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)