Saaklik lieder Siart Smit ferlit Tryater

23 jun 2015 - 16:44

Saaklik lieder Siart Smit ferlit Tryater. Hy nimt op 1 jannewaris 2016 ôfskied fan it teaterselskip. Smit wurket sûnt 2008 by Tryater. Hy fynt dat it tiid wurdt foar in nije útdaging. Hy hat der yn de ôfrûne perioade mei foar soarge dat Tryater der goed foar stiet.

Neffens Smit is der foar de kommende jierren in saaklik lieder nedich mei nije enerzjy en ideeën, om Tryater ek yn de takomst suksesfol te hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)