Ljouwerter wethâlder op 'e kop yn it rioel

23 jun 2015 - 14:40

Wethâlder Van der Molen dielt tiisdeitemiddei ôffalbakjes út de Ljouwerter Frijheidswyk as start fan de lanlike kampanje 'Niet in het riool'. Op it Johannes Kolfplein sil hy ek, tegearre mei de rioeltsjinst, in rioelput skjinmeitsje. It doel is minsken bewust te meitsjen dat se gjin skjinmakdoekjes trochspiele moatte.

De rioeltsjinsten helje jierliks kilo's fan dizze doekjes út de rioelearring. Se feroarsaakje ferstoppings en it herstellen fan de skea kostet de oerheid lanlik tsientallen miljoenen euro's.

Trefwurden: 
Ljouwert aksje rioel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)