Pasjinteferfier Waadeilannen ûnterjochte gund oan ANWB

23 jun 2015 - 13:33

De ANWB hat it ferfier fan pasjinten fan en nei de Waadeilannen neffens de rjochter ûnterjochte tawiisd krigen. It Belgyske bedriuw Heliventure FTO, dy't twadde waard by de oanbesteging, makke by de rjochter beswier en hat no gelyk krigen.

De ANWB foldocht net oan de easken, omdat se foarearst gjin nachtflechten útfiere kinne. Definsje hie tasein dit tydlik oer te nimmen, mar dit mei neffens de rjochter net meispylje yn de oanbesteging.

De Regionale Ambulancevoorziening Fryslân (RAV) is hâlder fan de ferfiersfergunning en hie de gunning útskreaun. De RAV Fryslân moat no mei de Belgen om de tafel en de Belgen rekkenje der op dat sy no it wurk krije. Oft dat foar 1 july slagget, kin de advokaat fan Heliventure net sizze. De ANWB fynt de útspraak hiel pynlik, want sy wiene der al hielendal klear foar. It Ministearje fan Definsje giet sa lang it noadich is troch mei it pasjinteferfier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)