Aksje foar feilige oerstek yn Surhuzum

23 jun 2015 - 12:19

Surhuzum komt yn aksje foar in feilich oerstekplak fan de drokke N358. Alders fan skoalbern wolle dat har bern feilich oerstekke kinne, sy wolle in fytstunnel. De dyk wurdt oanpakt, de provinsje leit in ovonde en in paralleldyk oan, dat moat it feiliger meitsje. Mar neffens guon bewenners soarget it der allinnich mar foar dat it ferkear hurder riidt.

Op 30 juny presentearret de provinsje it plan en komme de bewenners yn aksje om dúdlik te meitsjen dat it oars moat.

Trefwurden: 
skoalle Surhuzum oerstek
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)