Hurde porno op webside basisskoalle

23 jun 2015 - 11:24

In ynternetbedriuwke yn Ljouwert hat de âlde webside kaapt fan in basisskoalle yn Geldrop. Op dy webside is no hurde porno te sjen, meldt Omroep Brabant. De skoalle besiket al dagen om de webside fuort te krijen, mar dat slagget net. Skoalbestjoer en âlders binne der bot fan skrokken.

De skoalle hat ferline jier in oare namme krigen en hat dêrom it ynternetadres opsein. It is doe opnij fêstlein troch in hostingbedriuwke dat eigendom is fan in 24-jierrige man út Ljouwert.

Trefwurden: 
basisskoalle porno webisde
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)