"Skjinmakkers moatte yn fêste tsjinst provinsje"

23 jun 2015 - 10:56

Skjinmakkers, kantinemeiwurkers en ôfdielingssekretaresses by de provinsje moatte sa gau as mooglik yn fêste tsjinst komme. Dat seit de PvdA-fraksje. Dat soe in teken fan goed wurkjouwersskip wêze. Tagelyk soe it de meiwurkers ek in grutter gefoel foar ferantwurdlikheid jaan. De PvdA wol fierder ôf fan de payrollkonstruksje foar de meiwurkers dy't de brêgen en slûzen betsjinje.

Neffens de fraksje hoecht de provinsje net bang te wêzen foar ekstra kosten, omdat der in oerskot is op de bedriuwsfieringskosten.

Trefwurden: 
banen provinsje skjinmakkers
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)