Plysje siket jonges nei bedriging op It Hearrenfean

23 jun 2015 - 08:02

De plysje op It Hearrenfean siket trije jonges dy't fertocht wurde fan bedriging. It trio hat ferline wike woansdei op it Cruijff Court oan de Ds. Kingwei in jonge mei in mes bedrige om him te berôven. De jonge wist úteinlik te ûntkommen. It giet om trije donkere jonges, ien fan harren hie Christiano Ronaldo skuon oan. Twa fan de fertochten hiene sportklean oan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)