Fairtrade-produkten mei skûtsje en transportfyts nei Kollum

22 jun 2015 - 19:02

Hoe krije jo Fairtrade-produkten út de Dominikaanske Republyk op in doursume wize yn it gemeentehûs fan Kollumerlân? It antwurd op dy fraach kaam moandeitemiddei fan Frâns Boersma fan Hústernoard, in buorskip oan de Trekfeart ûnder Aldwâld.

Mei help fan it Fairtradeskip Les Trois Hombres, it skûtsje fan Boersma en de transportfyts is it úteinlik slagge om kofje, tee, wyn en rum te plak te krijen. Doel is, neffens FNP-riedslid Boersma, om nochris te ûnderstreekjen dat de gemeente Kollumerlân sa folle mooglik Fairtrade en duorsum wêze wol.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)