Plysje helpt by stellen telefoan mei emosjonele wearde

22 jun 2015 - 17:27

De plysje besiket mei twitterberjochten ekstra omtinken te freegjen foar de stellen telefoan fan Iza Smit (12) út Easterwâlde. Der wurde wolris faker telefoans stellen, mar no giet it om in telefoan mei in soad emosjonele wearde. It tastel wie fan har heit, dy't yntusken ferstoarn is. Berjochten en foto's fan him en syn dochter steane der noch op. De telefoan is sneon stellen út in kultuersintrum yn Assen.

As der track and trace software op de telefoan stiet, kin achterhelle wurde wêr't de dief is. Der is in sinjalemint fan de dief.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)