Littenseradiel praat oer ekologysk meanen fan bermen

22 jun 2015 - 16:52

De gemeenteried fan Littenseradiel praat moandeitejûn oer in nije wize fan it meanen fan de bermen. De gemeenteried wol graach dat soks op in ekologyske wize dien wurdt, mar dêrfoar is it nedich dat it meande gers opromme wurdt.

As it gers lizzen bliuwt, soe dat fuortendalik wer nije kompost foar it gers wêze. It opheljen fan it gers betsjut ekstra kosten foar de gemeente, mar dy hat no sân hobbyboeren fûn dy't de bermen meane wolle. Sy meie it gers foar har eigen bisten brûke.

No't it molkkwotum ôfskaft is, is de ferwachting krekt dat de foerprizen omheech gean sille, dus is dit in oanloklike opsje foar hobbyboeren. As de gemeenteried akkoart giet mei de nije wize fan meanen, betsjut dat net dat der fuortdalik al mear blommen en planten yn de bermen komme: it sil in skoft duorje foardat it effekt fan it ekologysk behear te fernimmen is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)