Stasjonsstrjitte op It Fean nei brân noch ôfset om asbest

22 jun 2015 - 15:14

De buert fan de twa ôfbaarnde hûzen oan de Stasjonsstrjitte op It Hearrenfean is noch hieltyd ôfset yn ferbân mei it asbest dat freed frijkaam is. Neffens de gemeente is it asbest allinnich yn de direkte omjouwing fan de brân delkaam, yn de tún fan de beide gebouwen sels en op de strjitte dêrfoar. In spesjalisearre bedriuw rommet dat op.

Ek dêrnei bliuwe der stekken stean, omdat net dúdlik is hoe't it sit mei de konstruksje fan de beide gebouwen. Mooglik is der ynstoartingsgefaar, dat moat noch útsocht wurde.

De brân oan de Stasjonsstrjitte ûntstie freedtemiddei, de twa gebouwen út 1870 rûnen dêrby grutte skea op.

Trefwurden: 
brân asbest It Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)