Hegere BTW min foar rekreaasjeûndernimmers

22 jun 2015 - 15:09

De BTW-ferheging sil de Fryske rekreaasjeûndernimmers in protte jild kostje. Toeristen sille fuortbliuwe en wurk giet ferlern. Dat foarseit de Fryske regiokonsulinte Petra Ellens fan Recron, organisaasje fan rekreaasjeûndernimmers.

De campings en bungalowparken moatte de BTW-ferheging fan 6% nei 21% trochberekkenje nei de klanten, en dan wurdt in plakje op in camping foar in nacht foar in gesin mei bern behoarlik djoer. Neffens Recron gean toeristen dan earder nei België of Dútslân op fakânsje.

Ek de hoareka en de detailhannel sille de gefolgen ûnderfine. Op dit stuit is it noch net wis oft de BTW-ferheging trochgiet. De Recron is as belange-organisaasje oan it lobbyen yn De Haach om de belestingplannen fan tafel te krijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)