Iepen Frysk kampioenskip Jeu de Pelote yn Easterlittens

22 jun 2015 - 14:00

Yn Easterlittens begjint moandeitejûn foar de 17e kear it Iepen Frysk kampioenskip Jeu de Pelote. Der dogge 25 teams mei dizze fariant fan it keatsen. It kampioenskip duorret hast twa wiken.

Alle jûnen wurde twa of mear wedstriden spile, op it plein midden yn Easterlittens. Tiisdei binne der gjin wedstriden, om't it keatsbûn KNKB dan de Oranjewoud Cup hâldt.

It jierlikse kampioenskip is dit jier in grutte logistike operaasje. Troch in rekonstruksje fan de N384 is de belangrykste tagongsdyk fan it doarp ticht foar it ferkear. Der wurde dêrom ek ferkearsregelaars ynset.

Ynwenners fan Easterlittens hawwe in brief krigen mei ynformaasje, hoe't sy sels it doarp yn en út komme kinne, as der keatst wurdt op it plein. As it echt net oars kin, wurde de wedstriden tydlik stillein foar auto's dy't der lâns moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)