Oerol wol yn 2018 oer hiele Waad foarstellings ha

22 jun 2015 - 12:32

De organisaasje fan Oerol wol dat der yn 2018, as Ljouwert Kulturele Haadstêd fan Europa is, yn it hiele Waadgebiet foarstellings te sjen binne. It Waadgebiet moat de brêge wêze tusken de Fryske haadstêd en it Oerolfestival op Skylge. Dat fertelde direkteur Joop Mulder snein by de ôfsluting fan it festival.

Der binne 130.000 tagongskaarten ferkocht foar de 35 foarstellings. Dat is like folle as ferline jier. Rederij Doeksen hat sa'n 2.000 minsken minder oerset nei Skylge.

Der wienen ek krityske lûden. Yn kranten stie in ynstjoerd stik dat it festival te kommersjeel wêze soe. Ek op de Facebookside fan Oerol steane negative reaksjes. Nettsjinsteande de krityk, sjocht de organisaasje mei in goed gefoel werom op de 34ste edysje.

Trefwurden: 
Skylge Oerol Joop Mulder 2018
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)