Nij plan foar leefberens sintrum Balk

21 jun 2015 - 15:59

Pleatslik Belang Balk komt mei in nij plan om de leechstân yn it sintrum fan it doarp oan te pakken. Mei de gemeente en oare partijen wurdt de kommende tiid besjoen wat der allegearre leech stiet of leech komt te stean. Foar elts gebou wurdt besjoen oft hjir in nije ynfolling foar te betinken falt. Neffens Balk Vooruit falt it op dit stuit noch wol ta mei de leechstân yn it doarp, mar sjocht de takomst der net goed út as der neat dien wurdt.

In grut probleem is bygelyks it lege âlde gemeentehûs fan Gaasterlân-Sleat.

Dat stiet sûnt de fúzje fan De Fryske Marren foar in grut part leech en der is noch gjin sicht op in keaper of hierder. Troch sels aktyf op syk te gean nei plannen tinkt Balk Vooruit it doarp libben hâlde te kinnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)