Kat sit oeren fêst yn kantelrút en komt om

21 jun 2015 - 11:00

In kat is sneontemiddei op pynlike wize om it libben kommen yn de Ljouwerter Essenstrjitte. It bist siet mei de kop fêst yn in kantelrút, koe dêr net mear útkomme en is deagien. It deade bist hat sa neffens tsjûgen seker fjouwer oeren sa hongen. De brânwacht hat de kat befrijd. De deade kat is ôffierd troch meiwurkers fan de biste-ambulânse.

It bart neffens meiwurkers fan de biste-ambulânse simmerdeis wol faker dat in kat fêst komt te sitten yn in kantelrút.

Trefwurden: 
kat dea Essenstrjitte
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)