Biskop De Korte is de earste 'Teolooch des Vaderlands'

21 jun 2015 - 09:49

Biskop De Korte fan it bisdom Grins-Ljouwert is beneamd ta de earste 'Theoloog des Vaderlands'. Yn in ferkiezing op ynternet krige hy de measte stimmen. Der wiene noch twa oare kandidaten: tv-presintatrise Jacobine Geel en Tom Mikkers, algemien siktaris fan de Remonstrantse Broederschap.

De beneaming betsjut dat De Korte it kommende jier it teologyske gewisse fan Nederlân is. Hy is geregeld te sjen as kommentator of ambassadeur fan de teology.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)