Muzikant en bandlieder John Eskes ferstoarn

20 jun 2015 - 15:15

De bekende Fryske muzikant, bandlieder en kombolieder John Eskes is sneontemoarn yn Drachten ferstoarn yn 'e âldens fan 63 jier. Eskes wie al in skoft slim siik. Eskes studearre oan de MPA fan Ljouwert en it konservatorium fan Zwolle. Hy wurke in jiermannich as gitaardosint. Cees Bylstra helle him yn 1976 yn it begeliedingskombo fan Rients Gratama. Ek wie er musikus by it VARA-dûnsorkest en orkestlieder fan popensemble Still.

As orkestlieder by Paul van Vliet en begelieder fan Adèle Bloemendaal hearde Eskes by de top fan Nederlân.

Eskes wie multiynstrumintalist. Hy koe op wol fjirtjin ynstruminten út de fuotten, mar waard foaral bekend as gitarist, akkordeonist en pianist. Eskes wie ek jierrenlang ferbûn oan de Big Band Ljouwert as dirigint en bandlieder. Fan dizze lêste band naam Eskes ferline jier ôfskie, omdat syn sûnens minder waard. Eskes wie ek komponist. Hy skreau ferskate wurken foar sello en gitaar. Hy wurke ek sa'n tsien jier gear mei sjonger-tekstskriuwer Bauke van der Woude as gitarist-akkordeonist.

Trefwurden: 
ferstoarn John Eskes muzikant
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)