Kening komt nei Ljouwert, prinsesse Beatrix op 'e Lemmer

20 jun 2015 - 10:14

Kening Willem Alexander is sneon yn Ljouwert. Sneontemiddei rikt de kening de Gouden Swipe út oan de winner fan in unike, histoaryske hurddraverij op it Saailân. Sûnt 1833 is soks net mear foarkaam. It wurdt sadwaamde in spannende dei foar de organisaasje. De hurddraverij wurdt hâlden yn it ramt fan it jubileumjier foar Maria Louise (Marijke Meu), in foarâlder fan de kening.

Prinsesse Beatrix is sneon by de jubileumreüny fan Stichting Stamboek Ronde & Platbodemjachten op De Lemmer. Beatrix is beskermfrouwe fan dizze stifting.

De prinsesse kaam alhiel yn styl op 'e Lemmer oan; mei har eigen platboaiem 'De Groene Draeck'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)