Betize man lûkt oan stjoer auto GGZ-begeliedster

20 jun 2015 - 09:39

De plysje hat freedtemiddei in betize man út Snits oanhâlden foar it besykjen ta deaslach. De 47-jierrige GGZ-pasjint wie mei syn 62-jierrige begeliedster ûnderweis fan Snits nei It Hearrenfean doe't hy ûnferwachts oan it stjoer fan de auto luts. De auto rekke fan de A7 ôf en bedarre yn in sleat neist de sneldyk. De man en frou wisten sels út de auto te kommen, mar wiene wol ûnderkuolle.

Se binne beiden nei it sikehûs brocht. De man is nei behanneling oanhâlden.

Trefwurden: 
Snits GGZ A7 ferwarde man
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)