"300 sjauffeurs krije dien by taksybedriuw Klomp"

19 jun 2015 - 17:54

Fakbûn CNV stelt dat 300 sjauffeurs fan taksybedriuw Klomp út Ede dien krije. Dat meldt Omroep Gelderland. CNV-bestjoerder Peter de Ridder meldt dat hy dêroer in brief krigen hat fan Klomp. Tiisdei stiet der in petear pland mei it taksybedriuw.

Fakbûn CNV is lykwols hoopfol dat de ûntslaggen der op wize dat der gjin fallissemint oankomt. Ek soe it plan wêze dat it grutste part fan de ûntsleine sjauffeurs oernaam wurdt troch oare taksybedriuwen. Klomp sit al tiden yn swier waar en wachtet op in eksterne ynvestearder.

It gefolch dêrfan is dat de 800 meiwurkers, wêrfan 100 út Fryslân, allinnich fakânsjejild krigen hawwe en it gewoane lean pas ein july útbetelle wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)