CNV: ING komt tasizzings oan fleks-meiwurkers net nei

19 jun 2015 - 16:04

Fakbûn CNV seit dat de ING=bank de tasizzings oan fleksmeiwurkers net neikomt. Foarútrinnend op de reorganisaasje wurde op ferskate kantoaren fan de bank flekswurkers ûntslein. Sy wurde dêrnei ferfongen troch nije útstjoerkrêften. En dat is yn striid mei in eardere tasizzing, seit CNV. Om dyselde reden hat der oardel wike lyn op it ING-kantoar yn Ljouwert in wurkûnderbrekking west.

Doe leinen sa'n 25 fleksmeiwurkers it wurk del. Sy reitsje ein dizze moanne har baan kwyt, wylst de bank tagelyk nije meiwurkers siket foar itselde wurk.

Trefwurden: 
ING CNV fleksmeiwurkers
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)